Strontraceskippers oer finish

15 okt 2014 - 07:36

Bas Krom mei "De Verwisseling" wie woansdei om 02.15 oere it earste skip yn de Strontrace dat wer yn Warkum oankaam. Hy helle krekt net de rekôrtiid fan 2013. As twadde skip kaam de "Zorg en Vlijt" fan Pieter Jelle Tjoelker oer de streek en as tredde einige de "Engeline Smeltekop" mei skipper Renze Herrema.

De úteinlike útslach wurdt bepaald neidat de protestkommisje ferslach útbrocht hat, want de skippen moatte har wol oan de regels hâlde, sa meie se beslist de motor net brûke.

Trefwurden: 
Strontrace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)