Gjin EK en OS foar Jong Oranje

Daley Sinkgraven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Jong Oranje is der net yn slagge har te pleatsen foar it EK takom jier yn Tsjechië. Dêrmei is de ek gjin kâns mear op dielname oan de Olympyske Spelen fan Rio yn 2016. Jong Oranje ferlear tiisdeitejûn de útwedstriid mei 5-4 fan Jong Portugal. Earder waard yn Alkmaar al mei 2-0 fan dizze ploech ferlern.
Twa spilers fan SC Hearrenfean wiene selektearre foar de wedstryd tsjin Portugal; Daley Sinkgraven en Joost van Aken. Se binne beide net ynsetten troch coach Adrie Koster.