Brân yn âlde slachterij Brada

14 okt 2014 - 17:46

Yn de âlde slachterij fan Brada oan de Snekertrekwei yn Ljouwert hat oan de ein fan tiisdeitemiddei brân west. De brânwacht skaalde al gau op nei in middelbrân. Meardere brânwachtauto's rukten út. Der wie in soad reekûntwikkeling, mar de brân foel úteinlik ta. It fjoer wie gau ûnder kontrôle. By de brân is asbest frijkaam.

De plysje warskôget yn earste ynstânsje dat minsken út de buert fan it gebou bliuwe moasten. Mar nij ûndersyk die bliken dat der gjin asbest ferspraat is. It is net foar it earst dat yn it leechsteande gebou brân wie.

Trefwurden: 
Ljouwert brân slachterij Brada
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)