SGP Dantumadiel lilk oer brief

SGP
De fraksje fan de SGP yn de gemeente Dantumadiel is lilk oer in brief dy't de gemeente stjoerde oan hûnderten âlderen en minsken mei in beheining. Dêryn stiet dat se fan 1 jannewaris ôf gjin húshâldlike help mear krije. De SGP fynt dat de brief sa noait ferstjoerd wurde mochten hie.
De brief is gefolch fan in gemeenteriedsbeslút om de húshâldlike help ôf te skaffen. It fersyk fan de SGP wie om de belutsen minsken dit persoanlik te fertellen. In moasje dêroer waard troch hast de folsleine gemeenteried oannommen.