Plan foar oanpak drankgebrûk

14 okt 2014 - 16:36

It alkoholgebrûk fan jongeren tusken de 12 en 18 jier yn Noardeast-Fryslân moat yn 2018 op of ûnder Fryske gemiddelde sitte. Dat wolle de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân. Yn Noardeast-Fryslân drinke jongeren oer it algemien mear alkohol as gemiddeld yn de provinsje.

Ien en oar stiet yn in previnsje- en hânhaveningsplan fan de fjouwer gemeenten. It doel moat berikt wurde mei ûnder oare mear kampanjes, petearen mei jongeren en âlden en in gelikense hânhavening yn alle gemeenten.

Dochs stiet der yn it plan ek dat it in 'utopie' is om de doelen al oer fjouwer jier te heljen: "Het bereiken van de doelstellingen die gerelateerd zijn aan het Fries gemiddelde binnen de vier jaren die dit uitvoeringsplan bestrijkt, is een utopie. Wanneer het lukt in de komende vier jaren een stabilisatie of een (kleine) daling te realiseren, gaat het goed. Dit is echter geen reden om niet naar een groter/beter resultaat te streven."

Net allinne it alkoholgebrûk moat werombrocht wurde, ek wolle de gemeenten it drugsgebrûk en de drugsoerlêst oanpakke. De drugshannel en oantal himpkwekerijen is yn Noardeast-Fryslân de ôfrûne jierren flink tanaam.

It folsleine plan is nei te lêzen op ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)