Steuring by Drachtsterbrêge

© Google Street View
Ferkear hie tiisdeitemiddei lêst fan in steuring by de Drachtsterbrêge by Ljouwert. Dêr belâne krekt foar trije oere in slachbeam op in auto, wêrnei't der in steuring ûntstie yn it systeem. De brêgewachter fan de Harinxmabrêge moast nei de brêge komme om de steuring te ferhelpen. Om goed trije oere koe it ferkear wer oer de brêge ride.