Akkoart oer advysried Doeksen

De fearboat fan Rederij Doeksen nei Skylge © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Der is oerienstimming berikt oer it reglemint foar de nij op te rjochtsjen rieden fan advys foar rederij Doeksen. Sawol Skylge as Flylân krije sa'n ried. Dy jouwe frege mar ek net-frege advys oer fearboatsaken.
Neist oerienstimming oer it reglemint is der ek oerienstimming berikt oer it profyl fan de foarsitters. Doel is dat de leden fan de rieden fan advys uterlik 31 oktober ynstallearre binne. Beide rieden krije sa'n fiif of seis leden.