Drokte by ôfskie Van den Berg

Bekende nammen út de reedrydwrâld namen tiisdei ôfskie fan reedrider Jeen van den Berg. De útfeart waard holden yn 'syn' Thialf. De tsjinst fûn plak yn de Elfstedenlounge. Yn de hal koenen minsken it kondoleânsjeregister tekenje. Nei in yndrukwekkende en drok besochte ôfskiedstsjinst waard bûten it iisstadion in earehaach foarme foar de reedrider. Van den Berg is yn sletten kring kremearre.
Jeen van den Berg ferstoar ferline wike woansdei op 86-jierrige leeftyd. Syn sûnens wie al in skoft min.
De reedrider waard bekend doe't er yn 1954 de Alvestêdetocht wûn. Hy is de lêste Fryske winner fan de Tocht. Letter wie er ek aktyf op de langebaan en yn de maratons. Mei-inoar hat er mear as tûzen wedstriden op it iis wûn. Nei syn aktive karriêre wie er hast alle dagen yn Thialf te finen.