Liesveld fluitet Fryske derby

© Omrop Fryslân
It fuotbalbûn KNVB hat Richard Liesveld oansteld as skiedsrjochter by de Fryske derby tusken Sportklup Hearrenfean en Sportklup Cambuur fan kommende snein. Liesveld fluite earder dit seizoen ek it duel Feyenoord-Hearrenfean yn Rotterdam. Doe joech er spiler Joey van den Berg fan Hearrenfean twa kear in giele kaart, sadat de Feansters mei 10 man fierder moasten. Dochs sleepten se der noch in 1-1 lykspul út. It duel Hearrenfean-Cambuur wurdt snein spile yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.
De wedstriid begjint om healwei ienen middeis.