Laure (14) ûntwerpt CD-hoes

14 okt 2014 - 12:29

In bysûndere útdaging foar de 14-jierrige Laure Broekman út Drachten. Laure waard frege troch de bekende Kanadeeske sjongeres Julia Westlin om har nije albumhoes te ûntwerpen. Laure makket foto's fan har tekeningen en dielt dy op Instagram. Dat is in soart online fotoboek dat foar elsenien tagonklik is.

Yntusken binne der al sa'n twatûzen minsken dy't Laure folgje en sa kaam ek sjongeres Julia Westlin har op it spoar. Laure hat har wurk al opstjoerd nei Kanada, mar it is noch net bekend wannear't it album útkomt.

Instagram laure_drawings

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)