Bewenners tydlik út Ymedam

Sân demintearjende bewenners fan soarchlokaasje Ymedam yn Ljouwert hawwe harren wenning ferlitten fanwege in grutte lekkaazje. Foarige wike tongersdei waard de lekkaazje ûnder de flieren ûntdutsen. De bewenners hawwe dêrom in tydlik ûnderkommen krigen yn soarchlokaasje Westerpoort yn Frjentsjer.
Oer trije wiken kinne de bewenners wer werom nei harren fertroude plakje. Neffens lokaasjemanager Joke Bandstra fan soarchynstelling Nij Mellens is der yn goed oerlis mei de famylje flot hannele. It is noch net bekend hoe grut de skea is.