Epke werom yn Nederlân

Epke Zonderland en syn freondinne Linda by oankomst op Skiphol © ANP
Turner Epke Zonderland is werom yn Nederlân. De Lemster kaam tiisdeitemoarn oan op fleanfjild Skiphol, neidat er dit wykein foar de twadde kear op rige in gouden medalje helle op in wrâldkampioenskip. Dat wie op de rekstôk yn Sina.
Epke krijt kommende freed in spesjale ûntfangst yn Sportstêd Hearrenfean. In iepenbiere huldiging stiet net pland.