Gebrek oan wyn by Strontrace

14 okt 2014 - 07:14

De dielnimmers oan de 41e Strontrace hawwe it swier. Omdat der amper wyn stiet moat der hurd wurke wurde. Tiisdeitemoarn betiid sil it grutste diel fan de rom 30 dielnimmers Amsterdam foarby wêze. De ferwachting is dat der op it lêste stik nei Warmond amper syld wurde kin en dat de skippen benammen lutsen wurde moatte. It brûken fan in motor is ferbean.

De Strontrace begûn moandei yn Warkum en einiget dêr letter dizze wike ek wer. Omdat der amper wyn stiet sille der dit jier gjin rekôrtiden helle wurde.

Trefwurden: 
Amsterdam Strontrace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)