Lustrumslokje foar Bernlef

13 okt 2014 - 20:22

Studinteferiening Bernlef út Grins fiert it 18e lustrum mei in eigen lustrumslokje, dat freed yn gearwurking mei de Snitser distillearderij Widdo Joustra bottele wurdt. It slokje mei de namme 'Gouden Tiid' is ien fan de ludike aktiviteiten dy't organisearre wurde.

De leden fan Bernlef sille boppedat in besite bringe oan galery Bax dêr't in ekposysje oer 150 jier Widdo Joustra is. Sjonger Piter Wilkens en sterke man Wout Zijlstra binne ek by de presintaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)