Boek oer Dokkum yn de oarloch

Yn de menistetsjerke fan Dokkum is moandei it boek 'De oorlog een gezicht gegeven' fan Reinder H. Postma út Aldwâld presintearre. Yn it 320 siden tellende boek stean in soad oarlochsferhalen út de stêd. Ek waard bekend makke dat yn Dongeradiel tusken 1940 en 1945 sa'n twahûndert Joadske ûnderdûkers sitten hawwe.
Ien fan dizze ûnderdûkers wie Doortje Mulder, oftewol Evalina Stad. Sy naam yn Dokkum it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst. Dat die se mei neibesteanden fan oare minsken dy't yn it boek beskreaun binne.