Frije traap Vic is YouTube-hit

De frije traap fan Vic Rozendaal dy't útien spatte op de latte wie it hichtepunt yn de wedstriid fan Ljouwerter Sweltsjes tsjin VVI út Jiskenhuzen ôfrûne sneon. Benammen de wize wêrop't Rozendaal de frije traap naam, wie bysûnder. De spits fan de Sweltsjes skeat de frije traap mei syn iene skonk efter syn oare skonk.
It filmke fan de frije traap dat op YouTube set waard, is no al in hit op sosjale media en giet de hiele wrâld oer. Mear as 600.000 minsken seagen Vic's frije traap. De wedstriid einige yn in romme 7-2 winst foar de Sweltsjes.