Frou (74) ferwûne by oanriding

Plysje © ANP XTRA
In 74-jierrige frou út Harns is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn it bosk by Aldemardum. De frou waard op it boskpaad fan de Elfbergen rekke troch in auto dy't achterút ried. De 42-jierrige bestjoerster út Aldemardum hie it slachtoffer oer de holle sjoen.
De 74-jierrige frou waard inkele meters meisleept troch de auto. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.