Fryske Muzykwike fan start

13 okt 2014 - 10:30

Moandei is by Omrop Fryslân foar de fiifde kear de Fryske Muzykwike fan start gien. De hiele hjerstfakânsje wurdt der muzyk fan Fryske boaiem op de radio draaid. Ek is de webside kommardel.nl wer yn ‘e loft. De Fryske muzyk is net allinnich op de radio te hearren, ek live by harkers thús. Fia kommardel.nl kinne minsken harren opjaan foar in húskeamerkonsert fan de Doelleazen, Tet Rozendal, Sake Hijlkema, Piter Wilkens, GeDoBr en Johannes Rypma.

Moandei begûnen de Doelleazen mei de húskeamerkonserten. In kompilaasje is jûns yn Bynt te sjen.

Op moandei is ek de offisjele ôftraap fan de Fryske Top 100. De stimbus wurdt dit jier iepene troch Arend de Wrede, trainer fan it drafhynder Derek Buitenzorg. Arend bringt tagelyk syn persoanlike top 5 yn. Ferskate Fryske sporters sille him yn dizze wike folgje, lykas Wout Zijlstra, Marit Bouwmeester en Daniël Iseger. Ek is der live muzyk, Frysktalich fansels, yn Noardewyn en Radio Froskepôle.

Fansels falle der ek wer moaie prizen te winnen yn de Fryske Muzykwike. Yn it radiospultsje ‘Wit de hit’ wurdt de tekst fan it iene ferske songen op de muzyk fan in oar nûmer. Dielnimmers moatte titel en artyst fan beide hits trochjaan. De Fryske Muzykwike wurdt op de radio feestlik ôfsluten mei in minykonsert yn ‘Sneon yn Fryslân’ mei muzyk fan Syb van der Ploeg en Wiebe Kaspers.

Alle ynformaasje oer de Fryske Muzykwike is te finen op www.omropfryslan.nl/fryske-muzykwike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)