Flaggestokdieven oanholden

13 okt 2014 - 10:18

De plysje fan De Lemmer hat yn de nacht fan snein op moandei twa 21-jierrige manlju út Wageningen en Elburg oanholden foar it stellen fan flaggestokken. It twatal waard betrape doe't se mei in tredde man besochten om in flagge te stellen fan in boat oan de Langestreek op De Lemmer.

De eigener fan de boat trapearre de manlju op 'e die, wêrnei't se besochten út te naaien. It duo koe oanholden wurde, de tredde man ûntsnapte. De manlju hienen ek noch twa flaggestokken stellen. De plysje ûndersiket wêr't de stokken weikomme.

Trefwurden: 
De Lemmer stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)