Lêste dagen by Spar Nij Beets

12 okt 2014 - 15:57

By de Spar yn Nij Beets wie it sneon net hiel drok. De doarpswinkel is koartlyn fallyt gien en ferkeapet yn opdracht fan de kurator it lêste guod mei in koarting fan 40 prosint. Neffens feilingman Wopke de Haan, dy't de útferkeap regelet, komme in soad minsken net nei de winkel. Se ha begrutsjen mei de eardere eigeners, de famylje Tolsma.

De kâns bestiet dat de winkel noch in pear dagen iepen is, omdat der noch flink wat yn de winkel stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)