Oostra wint yn De Westereen

12 okt 2014 - 15:34

De 36e edysje fan de Fytrisloop yn De Westereen waard in proai foar Roelof Oostra fan Mantgum. Oostra wûn de 20 kilometer yn in tiid fan 1 oere 15 minuten en 24 sekonden. It twadde plak wie foar Harry Wiersma fan Blija (1.18.28). Sieds Wiersma fan Drachten einige mei 1.23.21 op it tredde plak.

By de froulju gong de winst nei Hettie Hellinga fan Skiermûntseach mei 1 oere, 46 minuten en 30 sekonden oer de einstreek. It twadde plak wie foar Sarina Jannes fan It Hearrenfean (1.55.35), folge troch Lydwien Wilbers út Gytsjerk dy't mei 1.57.05.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)