Winst foar follybalsters Snits

12 okt 2014 - 14:26

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn mei 3-0 wûn fan TalentTeam Papendal. Yn eigen hal gong de earste set oertsjûgjend mei 25-11 nei de Snitser froulju. Ek yn de twadde set hie de ploech fan trainster Petra Groenland gjin muoite mei de gasten út Papendal (25-12).

Yn de tredde set makken de Snitser froulju dien wurk mei 25-22 en wie de tredde oerwinning fan it seizoen in feit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)