Flyers winne fan LACO Eaters

12 okt 2014 - 14:21

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneontejûn de twadde bekerwedstriid mei 5-1 wûn fan LACO Eaters út Limburch. Op eigen iis iepene Joey Oosterveld de skoare nei in healoere. Ferdigener Brandon Greenside ferdûbele flot dêrnei de skoare.

Yn de tredde perioade kaam de ploech fan coach Chris Eimers op 3-0 troch in treffer fan Josh Prudden. Yn de lêste tsien minuten makken de gasten út Limburch de 3-1, wêrnei't Greenside en Travis Bobbee foar de einstân tekenen.

De Flyers ferlearen freed de earste bekerwedstriid mei 5-2 fan Herentals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)