Epke: "Bêste oefening oait"

"Dit wie miskien wol myn bêste oefening oait", sei turner Epke Zonderland snein nei syn gouden medalje op de rekstôk by it WK yn Sina. Zonderland waard foar de twadde kear wrâldkampioen op dit tastel. Fuort nei de oefening wist er dat it genôch wêze soe foar de titel.
Neffens de Lemster is dizze twadde titel de moaiste. Dat hat der ek mei te krijen dat hy gjin optimale tarieding hie foar dit WK. In pear wiken foar it toernoai hie hy lêst fan de rêch en koe dêrtroch efkes net traine. Hy sjocht mei in goed gefoel werom op it hiele WK.
Tiisdei is Epke Zonderland werom yn Fryslân.