Bakker Garyp wint enerzjypriis

12 okt 2014 - 11:54

Bakkerij Van der Zee út Garyp hat in Fryske enerzjypriis wûn; de Tour d'Energie. Dizze priis wurdt útrikt troch ûnder oare de provinsje Fryslân, it MKB, Project Teamwork en A7Westergo. De Tour d'Energie is in trajekt fan seis oant njoggen moanne wêrby't bedriuwen besykje sa duorsum mooglik te wurkjen.

De Gariper bakkerij leveret ûnder oare bôle oan supermerken yn Fryslân. Om dy levering duorsumer te meitsjen ha alle sjauffeurs de kursus Het Nieuwe Rijden folge. Fierders hat it personiel ek enerzjybesparjende maatregels naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)