Yn auto mei laserpen beskynd

12 okt 2014 - 11:05

De plysje hat sneontejûn in 20-jierrige man út de gemeente Kollumerlân oanhâlden, dy't derfan fertocht wurdt dat er in bestjoerder mei in laserpen yn de eagen skynd hie. De bestjoerder, in frou út Boalsert, belle de plysje en dy koe de man by in tankstasjon yn Terwispel oanhâlde. De bestjoerder moast nei de dokter. De plysje makket in proses-ferbaal op foar mishanneling.

Trefwurden: 
plysje laserpen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)