Goud foar Epke op WK

12 okt 2014 - 10:06

Turner Epke Zonderland is foar de twadde kear op rige wrâldkampioen op de rekstôk. Hy helle 16.225 punten yn Sina. Hy sette in fantastyske oefening del en die twa kear twa flechteleminten.

Op it WK yn Nanning fersloech de Lemster snein syn grutste konkurrinten, Sinees Zhang Chenglong en Japanner Kohei Uchimura. Chenglong makke in grutte flater en foel fan de rekstôk. Hy makke syn oefening wol ôf, mar die net mear mei foar it goud. Uchimura turne in flaterleaze oefening mei 15.725 punten.

Trefwurden: 
Epke Zonderland WK turnjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)