F-16's opnij yn aksje yn Irak

12 okt 2014 - 09:28

De Nederlânske F-16's ha foar de tredde kear meidien oan loftoanfallen op Islamityske Steat (IS) yn Irak. Mei de Amerikaanske loftmacht diene se trije oanfallen by Tal Afar en Hit, by de grins mei Syrië. Dat meldt in Amerikaansk kommandosintrum.

Der dogge seis F-16's fan de fleanbasis Ljouwert mei oan de striid tsjin Islamityske Steat yn Irak. Nochris twa F-16's binne mei as reserve. Earder dizze wike kamen de F-16's ek al yn aksje.

Trefwurden: 
Irak F-16 Syrië IS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)