Brân yn skuorre Wynjewâld

12 okt 2014 - 09:01

Yn Wynjewâld hat sneontenacht brân west yn in skuorre. De skuorre stie njonken in hûs oan de Hagerank. Yn de skuorre stie in kuolkast, dy't yn 'e brân rekke. De bewenners fan it hûs waarden wekker troch de reekmelder.

De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Ien fan de bewenners hie reek binnen krigen en moast mei nei it sikehûs.

Trefwurden: 
brân Wynjewâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)