Aris wint op nije flier

11 okt 2014 - 23:43

De basketballers fan Aris ha de earste thúswedstryd fan it seizoen wûn fan Weert. Op de nagelnije houten flier yn it ferboude Kealledykje lutsen de Ljouwerters mei 73-61 oan de langste ein. Dochs wie de ploech fan trainer Tom Simpson yn it begjin bot senuweftich en kaam Weert op in 11-2 foarsprong. By it skoft stie Aris lykwols knap mei 34-28 foar. Doe't de foarsprong yn it fjirde kwart útwreide waard nei 15 punten ferskil like it beslikke.

Weert kaam yn it lêst noch in kear werom oant fjouwer punten, mar doe pakte Aris definityf de winst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)