Van Lunzen rapste yn Meppel

11 okt 2014 - 14:55

Hurdrinner Remon van Lunzen út Ljouwert hat sneon de heale maraton fan Meppel op syn namme skreaun. De Ljouwerter wie de rapste yn in tiid fan 1 oere, 13 minuten en 9 sekonden. Dêrmei wist er Jan Venhuizen út Smilde en Anton Costeris fan Amsterdam efter him te hâlden.

By de froulju gong de winst nei Immy Auck Kersbergen fan Wommels. Sy sette in winnende tiid fan 1 oere, 21 minuten en 14 sekonden op 'e klok. It sulver wie foar Hellen de Vries út Zwolle, folge troch Patricia Schreurs fan Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)