T-rex Time yn Natuurmuseum

Yn Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert is sneon de eksposysje 'Jurassic Leeuwarden 3: It's T-rex Time!' begûn. Yn de tentoanstelling is it libben fan de Tyrannosaurus rex te folgjen, fan aai oant en mei it útstjerren. De T-Rex is de meast gefaarlike dinosauriër dy't libbe hat. De tentoanstelling lit foar it earst yn Nederlân in folslein oersjoch sjen fan syn libben.
Spesjaal foar de hjerstfakânsje is it museum alle dagen iepen, dus ek moandeis. De eksposysje duorret fiif wiken.