Alkoholkontrôle yn Snits

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
Fjouwer automobilisten binne freedtejûn yn Snits trappearre op it riden ûnder ynfloed. Mei elkoar binne sa'n 600 minsken kontrolearre. De plysje hâlde in grutte kontrôle yn de stêd en de omkriten. Njonken de automoblisten binne ek trije fytsers bekeurd foar it riden sûnder ferljochting en hat in bromfytser in boete krigen om't er sûnder rydbewiis ried. De plysje wurke by de kontrôle gear mei Feilich Ferkear Nederlân.