ANWB test tagonklikheid musea

11 okt 2014 - 12:04

It Natuurmuseum yn Ljouwert en it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits wurde ûndersocht op har tagonklikheid. De testen wurde útfierd troch de ANWB, dy't 20 musea yn Nederlân test. Doel is dat musea tagonkliker wurde foar minsken yn in rolstoel. Goed 2.000 frijwilligers geane op besite by de musea. Oan de hân fan in fragelist wurdt ûnder oaren ûndersocht oft alles goed te sjen is, der genôch bankjes binne, der genôch ynformaasje is en oft it personiel wol gastfrij is.

De resultaten komme op de webside fan de ANWB en musea krije tips.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)