Seis stappers dwers yn Snits

11 okt 2014 - 11:48

Yn Snits is freedtenacht in groep fan seis man oppakt. De manlju wiene op stap yn 'e stêd. Yn in kafee oan de Kerkstraat wiene se belutsen by in fjochtpartij. De plysje koe de groep mei help fan meiwurkers en tsjûgen oanhâlde. It giet om fjouwer manlju út Haarlem, ien út Snits en ien út Drachten. De plysje docht ûndersyk nei de fjochtpartij.

Trefwurden: 
Snits plysje fjochterij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)