Fytser ferwûne op It Fean

11 okt 2014 - 11:28
Foto: Omrop Fryslân

Op It Hearrenfean is freedtemiddei in fytser fan Aldehaske ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. De 64-jierrige man fytste op de krusing fan de Bolster mei de Barten. In 57-jierrige autobestjoerster fan It Hearrenfean ferliende him gjin foarrang, wylst de man fan rjochts kaam. Hy foel en moast mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs ta.

(advertinsje)
(advertinsje)