Home-Start siket frijwilligers

De organisaasje Home-Start hat yn Noardeast-Fryslân driuwend ferlet fan nije frijwilligers om ek yn de takomst help biede te kinnen oan gesinnen. No binne der sa'n 40 frijwilligers fan Home-Start yn it gebiet aktyf. Sy helpe gesinnen mei ûnder oaren it grutbringen fan bern of op sosjaal mêd.
Op it stuit is der noch gjin sprake fan in grut tekoart oan frijwilligers, mar de fraach nei help wurdt wol hieltyd grutter. Om klear te wêzen foar de takomst, moatte der mear minsken by, seit koördinator Els Spaanstra.