Doarpskroegen ha it swier

10 okt 2014 - 16:28

Nei it ferdwinen fan winkels en it leechrinnen fan de tsjerken, giet it no ek min mei de doarpskafees op it plattelân. Der wurdt rûsd dat sawat de helte fan alle Fryske doarpskafees op it stuit ticht is, te keap stiet of it hiel dreech hat. Yn Ferwert, Marrum en Hallum hawwe se sûnt koart hielendal gjin kafee mear.

De oerheid stipet doarpskafees faak net, om't se sjoen wurde as kommersjeel bedriuw. In kafee soe mear maatskiplike funksjes krije moatte fynt Martin Cnossen fan Doarp en Bedriuw Fryslân. It ferieningslibben kin der in plak krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)