"Management McDonalds oanpast"

10 okt 2014 - 15:15

Direkteur Michel Groenewegen fan de McDonalds-filialen yn Snits en Harns hat ferskate feroarings yn syn saken trochfierd. Oanlieding wiene opmerkings fan âld-meiwurkers oer de feiligens fan it iten. Dêrneist soe in part fan de meiwurkers ûntefreden wêze oer de wurkomstannichheden.

It management fan de saken is oanpast, administrative ferskillen binne útbetelle en in fertrouwenspersoan sil de gearwurking op de wurkflier ferbetterje. Ut ûndersyk fan de Voedsel en Warenautoriteit soe neffens McDonald's blike dat der neat mis is mei it iten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)