Ungelok op nije Oeriselseleane

Op de Oeriselseleane botste in auto op in frachtwein © Anton Kappers
Op de nije Oeriselseleane yn Ljouwert hat freedtemoarn in ûngelok west. In automobilist botste achterop in frachtwein dy't foar it reade ferkearsljocht stoppe. De bestjoerder kaam mei de skrik frij, mar syn auto rûn grutte skea op en moast fuortsleept wurde.
De frachtwein hie ek skea, mar koe trochride. Ien rydbaan fan de dyk fan Goutum nei de Werpsterhoeke hat troch it ûngelok in skoft ôfsletten west.