Jonge (14) stelt brommer
In jonge fan 14 jier út Frjentsjer is tongersdeitemiddei oppakt om't er in brommer stellen hie. De plysje seach de jonge riden op de Harnzerwei en sette him oan de kant foar in kontrôle. Doe die bliken dat de brommer stellen wie.
De plysje hat de jonge meinaam nei it buro. De brommer is yn beslach naam.