Enerzjyneutrale wenning iepene

10 okt 2014 - 12:23

Van Wijnen Noord hat freed op de Dei fan de Duorsumens in enerzjyneutrale wenning lansearre. De wenning op De Gordyk is hielendal renovearre en enerzjysunich makke. Wethâlder Piet van Dijk fan Opsterlân iepene de wenning.

Rom hûndert studinten fan de NHL, it Friesland College en de Burgemeester Harmsma Skoalle dy't technyk studearje, krigen fan Van Wijnen in rûnlieding troch de wenning en in gastkolleezje yn it bedriuw. Neffens kommersjeel direkteur Jeroen van Balen is dat wichtich om de jeugd entûsjast te meitsjen foar technyk en de bou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)