Tjongerskâns by Oogzorgnetwerk

10 okt 2014 - 11:37

Sikehûs de Tjongerskâns op It Hearrenfean hat him oansluten by it Oogzorgnetwerk. Dit is in gearwurkingsferbân fan ferskate sikehûzen en kliniken op it mêd fan eachsoarch. Mei dielname fan de Tjongerskâns binne der no fyftjin ynstellings dy't dielnimme oan it netwurk.

It eachsikehûs fan Rotterdam hat dit netwurk yn 2001 oprjochte. Doel is om kennis mei-inoar te dielen en dêrtroch de eachsoarch te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)