Odyssee: "Publisiteit pynlik"

It Sneeker Nieuwsblad mei artikel oer Odyssee op de foarside © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De ried fan tafersjoch fan skoalkoepel Odyssee yn Snits fynt de negative publisiteit oer de organisaasje pynlik. Dat skriuwt de ried yn in ferklearring op de ynternetside fan Odyssee. De ôfrûne wiken kaam de skoalkoepel yn it nijs troch berjochten oer machtsmisbrûk en yntimidaasje fan personiel troch de lieding.
Ferskate wurknimmers diene har beklach dêroer yn de media. Yn de ferklearring seit de ried fan tafersjoch dat dy him foar hûndert prosint efter it belied fan Odyssee stelt en de minsken dy't dat belied útfiere.
De ried ropt minsken mei problemen op om har te oppenearjen by it Kolleezje fan Bestjoer fan de skoalkoepel.