Soad aksjes op duorsumensdei

Op de lanlike dei fan de duorsumens wurdt freed yn Ljouwert it Green Experience Centre iepene. Dit gearwurkingsferbân fan ferskate Fryske bedriuwen en ynstellings wol it kennis- en ynnovaasjesintrum wurde op it mêd fan enerzjybesparring en duorsumens yn hiel Noard-Nederlân. Sa kinne skoalbern freed alles te witten komme oer sinne-enerzjy. Ek kinne testritten makke wurde mei elektryske auto's, fytsen en scooters.
Yn Aldlân wurde minsken oproppen om de ferljochting safolle mooglik út te litten en by ferlet fan ljocht in kears te brûken.
Boppedat sille frijwilligers op de skoalpleinen fan de twa basisskoallen yn de wyk struken en beamkes plantsje en grientetúntsjes oanlizze.