Utfeart Jeen vd Berg yn Thialf
De útfeart fan reedrider Jeen van den Berg is takom tiisdei yn 'syn' Thialf. De tsjinst fynt plak yn de Elfstedenlounge. Van den Berg ferstoar ôfrûne woansdei op 86-jierrige leeftyd. Syn sûnens wie al in skoft min.
De reedrider waard bekend doe't er yn 1954 de Alvestêdetocht wûn. Hy is de lêste Fryske winner fan de Tocht. Letter wie er ek aktyf op de langebaan en yn de maratons. Mei-inoar hat er mear as tûzen wedstriden op it iis wûn. Nei syn aktive karriêre wie er hast alle dagen yn Thialf te finen.