De Klokslag Boalsert oernommen

Website de Klokslag Boalsert © klokslag.nl
Masinefabryk De Klokslag yn Boalsert wurdt oernommen troch de GEA-groep, in Dútsk bedriuw dat spesjalisearre is yn produksjeprosessen. De Klokslag en de GEA-groep wurkje sûnt 2008 al gear op in soad terreinen. De Klokslag makket apparatuer foar tsiisfabriken yn Europa. De oername moat earst noch wol goedkard wurde troch de meidingings-autoriteiten.
By De Klokslag yn Boalsert wurkje sa'n 90 minsken.