"Au-pairs ynsette by âlderen"

© Omrop Fryslân
Soarchgroep Hof en Hiem fan De Jouwer ûndersiket oft it mooglik is om au-pairs yn te setten by âlderen. In au-pair wurdt meastal ynsetten by gesinnen mei jonge bern, mar Hof en Hiem wol besjen oft dit ek wurket by âlderen.
In au-pair dy't by âlderen ynwennet, soe helpe kinne yn de húshâlding, mar ek aktiviteiten mei de âlderen ûndernimme kinne. In au-pair, dy't faak út it bûtenlân komt, kin op dy wize de taal en kultuer leare.