Plysje pakt 16.000 euro boetes

09 okt 2014 - 17:25

De plysje fan Ljouwert hat yn acht dagen tiid foar mar leafst 16.775 euro oan boetes binnenhelle. Mei de ynset fan de ANPR-auto, dy't automatysk kentekens registearret, waarden der tsien prosessen-ferbaal opmakke foar ferkearsoertredings. Sân auto's waarden ynnaam fanwege iepensteande boetes.

Tongersdeitemiddei waard boppedat in bestjoerder op Het Vliet yn Ljouwert oanholden, om't er noch foar 2900 euro oan boetes iepenstean hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)