Akwadukt Drachtsterwei op tiid

It akwadukt yn de Drachtsterwei by Ljouwert is op tiid klear. Oannimmer Heijmans sil ekstra personiel ynsette en langer trochwurkje om de deadline te heljen. Earst soe it akwadukt kommend foarjier iepen gean foar it ferkear. Mar om't de grûn hurder is as tocht, rûn it wurk fertraging op.
De planning is no dat der yn de hjerst takom jier auto's troch it akwadukt ride kinne. It lêste wurk is dan foar de deadline fan maart 2016 klear. Oannimmer Heijmans en de provinsje ûnderhannelje noch oer de fraach wa't opdraait foar de kosten.
De problemen mei de akwadukten yn de westlike ynfalsdyk by Ljouwert en by Ritsumasyl lykje oplost. Yn beide gefallen wie der sprake fan lekkaazje. It lek yn it akwadukt yn de westlike ynfalsdyk is ticht. Moandei moat dúdlik wurde oft dat ek slagge is mei it akwadukt by Ritsumasyl. Dat wurk moat op 17 desimber klear wêze. In dei letter, op 18 desimber, giet de Heak om Ljouwert iepen. Rêde de bouwers dit net op 'e tiid op, dan wachtet harren in flinke boete.